Ljochtbyld
Fotografy, is foar my mear as allinne in momint fêstlizze, is in passy, in manier om de wrâld te ynterpretearjen en oer te setten yn in ôfbylding. It is it skriuwen mei ljocht, it meitsjen fan ljochtbylden dy’t ferhalen fertelle.In kleurefoto is as in roman, in detaillearre ferhaal dat de kompleksiteit wjerspegelet. It toant de nuânses fan de werklikheid, de libbendichheid en de djipte fan kleuren. In swart-wytfoto dêrfoaroer is as in gedicht, in minimalistyske útdrukking dy’t de essinsje fan it ûnderwerp ûntbleatet. It ûntdocht de wrâld fan ôfliedingen en lit de suverens fan foarm, tekstuer en kontrast sprekke. It is in yntrospektyf reis, in syktocht nei de siel fan it momint.Fotografy as passy is in oanhâldende ûntdekkingsreis, in syktocht nei it perfekte ljocht, de ideale komposysje en it momint dat de siel rekket. It is in manier om de wrâld te sjen, te fielen en te dielen.